Himmeldei 1 April 2023

18/05/2023

Op sneon 1 April (gjin grap!) waard der wer Himmeldei hâlden yn en om De Gaastmar. De organisaasje wie ek dizze kear yn hannen fan Doarpsbelang en de fûgelwacht. De gemeente hie in kontener brocht foar alle ôffal dat wy fine soenen en hie ek soarge foar jiskepûden, gripers en fuortgoai-mofkes. Dat wie wer dik ynoarder! Om 09.00 waard elk ferwachte yn Us Doarpshús en setten wy útein mei in bakje kofje as thee. Nettsjinsteande it reineriche waar kamen der mar leafst sa’n 35 grutte en lytse minsken op ôf, geweldich! Mei help fan Gatze Ykema en Siard v.d. Goot waarden der trije groepen nei de Kaepwei brocht en Andries van Netten brocht in groep nei it Knine-eilân en sette ek in groep ôf by de Lange Hoek. Oan ‘e Noardkant fan de Kaepwei waard in parasol + stok fûn en in grut stik seil/doek wêr’t je net fan sjen koene wat it west hat. Fierders sawat twa pûden fol rommel fûn en in soad guozzenêsten sjoen. Op it Knine-eilân fûnen se in heal fergiene snoek, mar dat is natuer, dus dy mocht lizzen bliuwe. De konteners dêr kamen fierhinne fol en de kontener fan de gemeente yn De Gaastmar kaam oan ‘e kop ta fol! It hat dus fertúten dien om ek dit jier wer rommel op te rêden. Oan ‘e ein fan ‘e moarn wie elkenien werom yn it Doarpshús en krigen wy in lekkere kop snert en foar de jeugd wie der patat. Wy kinne werom sjen op wer in tige slagge Himmeldei! Ut namme fan Doarpsbelang en de Fûgelwacht tige tank foar jimme ynset en yn it bysûnder oan Gatze, Siard en Andries foar it riden en it farren en Joke W. en Foekje foar de catering!

Betty Wiegersma.

Klik HIER om meer te zien over deze geslaagde actiedag.
(Foto’s: Attie, Ekie en Willem)

 

Recent Nieuws