It sylseizoen rint oan ein. Graach wolle we nog efkes mei jim werom sjen op ôfrûne IFKS en de wiken derfoar.
It earste wykein fan de IFKS sylden we op Hylpen en Starum. De freeds hiene we de folchboaten al nei Starum fearn. De earste wedstryd op Hylpen wiene we net ûntefreden, mar we moasten der nog efkes ynkomme. De start koe better en we hienen in tûne rakke wertroch we in strafrûntsje meitsje moasten. Úteindelijk in 8e plakje.
De wedstryd op Starum wie wat minder. We hienen in moai startplakje allinne woe it skûtsje net sa as wy dat woenen. Wer dat troch kaam, wisten we net. Mar we tochten we moatte ek net te folle feroarje oan it trimmen fan it skip, want it rint oars wol. Miskien leit it er ek wol oan dat wy it net went binne om op de Iselmar te silen omdat der in oare golfslach is. De wedstryd resulteerde yn in plakje yn it achterein..
Op moandei hienen we wer moai waar, wyn en sinne. It is in pittige klasse. We sile net min, mar we ha wol ferbetterpunten.
De wedstryd op Heech begûn 2 falske starten. Nei de 3e start leinen
mei we by de boppeste tûne 8e. Lokkich rûn it skûtsje wer sa at we went binne. We ha 2 plakjes ferlern en wer 3 ynhelle. It wie in wedstryd mei in soad elementen deryn. Al mei al in 7e plakje.
De wedstryd op Sleat koene we mei it foarein wat meikomme. We hienen in leuke striid mei in oar skûtsje. In 10e plakje wie foar ús fuort lein. Hjirnei op nei Ychtenbrêge om de mêst beneden te heljen. Sa kin it skûtsje ûnder it akwadukt troch.
Op Ychtenbrêge ha we in moaie wedstryd sylt. Der lei in gate yn it wedstrydfjild. Dat betsjut dat je yn it foardewynse rak út kieze kinne welke tûne je pakke. Bakboard of stjoerboard tûne, it is mar krekt wer de wyn it foardielichst is. In 7e plakje ha we binnen helle!
Freed de wedstryd op ‘e Lemmer sylt. We hienen in moaie start, koenen moai fuort komme. In 5e plakje om de earste boei. Foar de wyn rûn it allegear wat yn elkoar. Wer in pear krúsrakken sylt wermei we as 2e om de boei ka9men. Uteinlik binne we hartstikke tevreden mei in 4e plakje!
De lêste wedstryd op Lemmer. It wie efkes spannend at de wedstryd troch gean soe fanwege te min wyn. Nei de rattensturt (útstel fan de start) kaam de start deryn te lizzen. We leinen der net goed foar. As 1 nei lêste om de boppeste tûne. We ha yn de rakjes nog wat ynhelle en binne op in 10e plak einige! Hjirmei binne we op in 9e plakje yn it einklassement kommen! We witte dat der mear yn sit, mar binne seker net ûntefreden! We binne yn elts gefal grutsk op ús team!
Nei elke wedstryd ha we in neipetear hân oer hoe de wedstryd ferrûn is. Sa kinne we hjir ferbetterpunten út helje. In bierke nei dy tyd en ús Wyp hie de sop klear en koene we lekker ite. Mei syn allen ha we elke jûn in leuke jûn hân. De iene kear yn de feesttinte en de oare kear de kroech yn of by de folchboaten in bierke.
Om dizze IFKS te sile kinne binne der in soad aspekten nedich om útein sette te kinne. Sa ha we mei syn allen traint op de tongersdeis. Yn it foarseizoen ha we op de Heegermermar west en leine we by it Piel. Yn juni ha we de Slach om Heech sylt. Hjir ha we oer 2 dagen in moaie 4e plak bemachtigd! Fanôf juli koene we terjochte by Ulbe Jan de Jong op de Grûns. Hjir trainden we dan op de Aldegeaster Brekken.
Ûnderhâld is ek nedich om goeie resultaten te beheljen. Tidens it winterskoft ha we de mêst, giek, swurden en blokken by Barbara fan camping Flapper yn de skuorre hân. Sa koene dy in laklaach krije neidat dit skjirre wie. We ha in wike foar de IFKS it skûtsje by jachtwerf Wildschut út it wetter helle. Op dizze manier kinne we it ûnderwetterskip skjin spuitsje. Ek ha we fan dizze gelegenheid gebrûk makke om it skûtsje hielendal wer yn de ferve te setten. Ek dit ha we wer mei de hiele bemanning dien9. Dit jout in gefoel fan team spirit. Nei dy tyd fansels efkes in fertsjinne bierke mei ús allen!
Om ek wat jild binnen te krijen ha we dizze simmer mei gasten fan camping Flapper en camping it Gouden Plakje sylt. Se kinne sich ynskriuwe by de resepsje om in jûntsje mei ús mei te gean. We ha leuke jûntsjes hân. Minsken wienen entûsjast. In oantal gasten sjoche we elts jier wer.
Jo kinne fansels ek in dei of middei mei ús fuort. Sa ha we al hiel wat moaie dagen hân. Tink oan in jierdei, bedriuwsfeestje, jubileum. Mear ynformaasje fia Gaastmarderskutsje@gmail.com
Ek soenen we in nij túch brûke kinne, der binne we hurd foar oan it sparjen. Jo soene ús ek helpe kinne troch lid te wurde fan de klub fan 100, in freon te wurden fan it Gaastmarder Skûtsje en troch in bedrag te sponsorjen. Foar mear informaasje kinne jo altyd kontakt mei ús opnimme fia gaastmarderskutsje@gmail.com.
Ek kinne jo us stypje troch by de Peut yn Heech te tanken en de punten te doneren oan it Gaastmarder Skûtsje.
Sa kinne jo ús ek noch fia de Rabobank clubsupport steune.
1. Gean nei de Rabobank app of klik op de folchende link: rabobank.nl/clubsupport
2. Gean nei services
3. Klik op lidmaatschap
4. En stem! Jo ha de keuze op noch op 2 oare klubs testemmen.
Dizze winter sille we ús bekende krystbeammen aksje wer foartsette! At it safier is, krije jim fjierdere ynformaasje fia de mail (leden, freonen en sponsoren) of fia instagram en Facebook. De earste beammen binne al fersein!
We ha mei syn allen in machtige tiid hân! We witte dat we mear kinne. It team hat foar de helt nije minsken en ha trainingen nedich om op elkoar yn te spyljen. Yn it neiseizoen sille we sowieso mei de slotwedstryd op Heech meidwaan. Miskien dat jo ús ek noch sjoche op de Roekoepolle race op de Snitsermar
Oant sjen en groetnis fan de bemanning fan it Gaastmarder Skûtsje