Optreden Concordia

november 16 @ 20:00 - 21:00

Utnoeging oan de ynwenners en belangstellenden fan ‘e Gaastmar; Woansdei 16 novimber jûns om 20.00 oere yn ‘e Gaastmar.
Ofrûne sneon 12 novimber hat muz.fer. CONCORDIA dielnommen oan it SURVENTO FESTIVAL
Yn Surhústerfean.
Us optreden wie basearre op ús doarp de Gaastmar.
Mei bylden fan it doarp, de marren, de greiden en de fûgels yn ús omkriten.
Mei wetterlûden, fûgellûden en tekst sette Concordia útein mei in prachtich yntro,
wêrnei it twadde muzykstik spile waard fan de Ljurk mei foarôf de lûden fan de ljurk.
Mei it tredde stik is Rommy van Berkum de soliste op de bugel
As ôfslúter spylje wy it stik fan De Gaastmar “Mids de Marren”
(dit stik is spesjaal foar de Gaastmar skreaun mei it 100 jr.jubileum)
Wy wolle dit optreden oankommende woansdeitejûn nochris oerdwaan
op ús rippetysjejûn yn ús doarpshûs yn ‘e Gaastmar,
sadat in elk de bylden, muzyk, tekst, fûgel- en wetterlûden sjen en hearre kin.
TIGE WOLKOM yn ús doarpshûs

Gegevens

Datum:
november 16
Tijd:
20:00 - 21:00

Locatie

Us Doarpshûs
Munkedyk 15
Gaastmeer, 8611 JP
+ Google Maps
Telefoon:
0515-852650

Organisator

Concordia de Gaastmar
Telefoon:
0515 469764
Bekijk de site van Organisator