Dûbbel-presintaasje: in nije novelle & in nije keamerfoarstelling

juni 18 @ 14:30 - 17:00

Dûbbel-presintaasje: in nije novelle & in nije keamerfoarstelling

Op it plak en de tiid dy’t hjirûnder stiet, presintearret skriuwer en sjonger Bennie Huisman de novelle: Grien ljocht. It is in ferfolch op syn roman út 2019: Sanfirdo. De personaazjes yn dy roman binne noch net fan inoar ôf en ‘de leafde’ liket foar harren somtiden noch altyd in riedsel.

Lit dat no ek it ûnderwerp wêze fan de keamerfoarstelling dy’t dizze middei ‘doopt’ wurdt. Yn ‘Riedsels fan leafde’ ûndersiket Bennie Huisman hoe ’t leafde him ynspirearre hat ta it skriuwen fan lietsjes dêroer. En hoe ’t dy ferbûn binne mei it eigen libben.

Hy docht dat sjongend en fertellend, mei oan de piano pianiste en componiste Corinne Staal

Gegevens

Datum:
juni 18
Tijd:
14:30 - 17:00

Locatie

kerk Sandfirden
Nummer 2
Sandfirden, 8613 JH
+ Google Maps
Bekijk de site van Locatie